Dizze dagen bin ik begûn mei it op priemmen setten fan in nije roman. Sa as altyd moat der wer hiel wat 'research' dien wurde, om marris in geef Fryske wurd te brûken. En dat fret tiid, net te min. En dat wylst it fansels net iens wis is at it manuskript ea útjûn wurde sil, want it wiist tsjintwurdich net al te bêst mei de Fryske skriuwerij. Subsydzjes dêr't op besunige wurdt, jeugd dy't gjin tiid mear hat om te lêzen, omdat hja oanienwei nei it skermke fan de 'smarttillefoan' sitte te stoareagjen, de sutelaksje dy't nei gichem is (kinne wy dy net op 'e nij opstarte, skeeld sa 20% omset)
As ik dat allegearre sa yn my omgean lit, tink ik wolris: ik kin miskien better in folkstúntsje oantuge, faaks kin 'k my dêr nuttiger meitsje...
Mar, ienkear dwaande, binne sokke tinzen ek al gau wer út it 'systeem'. Want sis no sels, der is dochs gjin moaier wurk as skriuwen, jo ynlibje yn in personaazje, jo fantasij rom baan jaan...
Nee, dan moatte de reade biten en de sipels noch mar eefkes wachtsje...
zondag 31 juli 2011
dinsdag 14 juni 2011
Skriuwersarke
Yn de perioade juny - july 2008 wenne ik 6 wiken lang yn 'e Skriuwersarke fan Rink van der Velde yn de petgatten op 'e Veenhoop. Ik koe dêr moai 'ongestoord' wurkje en it wie in tige produktive perioade. Mei in soad nocht tink ik oan dy tiid werom en ik hoopje dat ik letter nochris de kâns krij om op dit unike plakje ta te hâlden.
dinsdag 10 mei 2011
K-rûte
Utstjoering K-rûte op Omrop Fryslân.
Hjoed 4 maaie waarden de opnamen útstjoerd dy't Annet Huisman hjir op freed 29 april makke hie.
Wy der fansels plat foar, om 17.40 en 18.40 myn earste TV optreden besjoen. Wy hienen de pech dat it hjoed deadebetinking wie, want no ferfoel de útstjoering om 19.40, en dat wylst ik in soad minsken ferteld hie dat it om 19.40 wêze soe. Bale! Om 20.40 mar ris wer sjen, miskien is it dan wer goed.
De útstjoering sels foel net ôf, goed filme en kreas monteare. Annet is in fakfrou! De wurdearing fan myn boek kaam gemiddeld op in acht út en dat is bêst genôch.
Sjoch fideofilm op www.vimeo.com Sykje nei Rommert

woensdag 27 april 2011
Informaasje oer de skriuwer
Rommert Tjeerdsma ( Hallum 1943) hat al betiid in soad nocht oan alles wat mei boeken en lêzen te krijen hat. It feit dat jo troch it lêzen fan letters bylden oproppe en dêrtroch yn in oare wurklikheid en in oare wrâld ferkeare kinne, hat him altyd, oant de dei fan hjoed, fassinearre. Troud mei de dichteres Jelly Keekstra lei er him earst nei syn wurksum libben as postamtner foar in grut part op it skriuwen ta.
Yn 1990 ferskynden de earste ferhalen en gedichten yn de Fleanende Krie, it blêd fan de Fryske boekenklub KFFB. Yn 2003 skreau er in skoftke koarte ferhalen foar it Friesch Dagblad. Letter folge de fêste rubryk Kafee Rom Sicht dy’t oant de dei fan hjoed te lêzen is yn it blêd fan de Jong Fryske Mienskip: Lyts Frisia.
Yn 2006 ferskynt by de KFFB syn debútroman Brekpunt, in jier út it libben fan in jonge frou yn 1947. Jikke Wynia, hikke en tein yn ’e Dokkumer wâlden, strykt mei man en bern del yn in suterich wentsje oan ’e feart op ’e klaai. Hja dreamt fan in moaier hûs, in better libben en… in oaren man.
Yn 2009 komt Frij as de wyn út, mei as tema de grutte tsjinstellingen tusken earm en ryk yn it Fryslân fan 1847. Twa froulju mei in folslein ferskillende eftergrûn stribje beide op harren eigen wize nei wat mear frijheid. Se besykje de libbenswei dy’t foar harren útstippele is te ferlitten en út eigen fearren te fleanen.
2010 is it jier fan útjefte fan de tredde roman: Reboelje yn Kollumerlân. It ferhaal spilet yn it lêste part fan de 18 tjinde ieu. Eabele Keuning, in earme skuonmakker út de Fryske wâlden slút him oan by de Patriotten en wurdt dêrtroch in man fan kwizekwânsje yn de Bataafske Republyk. Syn grutte tsjinstanner is Jan Binnes, de oanfierder fan de Oranje partij. Yn ’e opstân dy’t bekend wurden is as it Kollumer Oproer komt it ta in dramatyske konfrontaasje tusken beide manlju.

Abonneren op:
Posts (Atom)