dinsdag 24 april 2012

Winkelmuzyk.
Nijsgjirrich artikel yn de bijlage fan de LC hjoed: 'meedeinen op het winkelritme.' Tuskenkop: 'Winkelmuzyk werkt op het onderbewuste van de klant.' No net op dizze klant. It wurket op myn bloeddruk, dy't ûngekende hichten berikt. As ik ergens in pesthekel oan haw, dan is it wol de lûdfersmoarging dy't jo as klant yn de foarm fan gejank en gejammer ûndergean moatte en dat sûnder dat jo dêr om frege hawwe. Yn dit lân skynt dizze terreur normaal te wêzen, yn it bûtenlân geane se hiel wat fatsoenliker mei de klanten om. Yn Dútslân koe ik alteast yn alle rêst in protsje klean keapje sûnder dat my de earen fan 'e kop blaast waarden troch healwiis gebalt yn ûnfersteanber Ingelsk. Jo kinne tsjintwurdich hast net mear yn in parkearkelder, winkel of oar publyk gebou komme of jo wurde lêstich fallen troch 538, skyradio of hoe't alle oare lawaaikranen ek hjitte meie. Sels fersoargingstehuzen binne der net mear frij fan. Dochs besykje ik dit sa folle as noch mooglik is te mijen en boadskipje as it heal kin by Lidl en Aldi, dêr't se noch rekken mei de klant hâlde en jo gjin lawaai opkrongen wurdt.  WinkelmuzykDútske winkels, soe dat tafal wêze...

donderdag 12 april 2012

OmDoutzen

Myn nije roaman mei as titel 'Om Doutzen' is klear en komt nei alle gedachten út yn febrewaris 2013.

De roman spilet om 1935 hinne en is it ferhaal fan de leafde tusken twa jonge minsken mei as eftergrûn de earmoede fan de tritiger jierren en de opkomst fan it nasjonaalsoasjalisme.