zondag 31 juli 2011

In nij aventoer

Dizze dagen bin ik begûn mei it op priemmen setten fan in nije roman. Sa as altyd moat der wer hiel wat 'research' dien wurde, om marris in geef Fryske wurd te brûken. En dat fret tiid, net te min. En dat wylst it fansels net iens wis is at it manuskript ea útjûn wurde sil, want it wiist tsjintwurdich net al te bêst mei de Fryske skriuwerij. Subsydzjes dêr't op besunige wurdt, jeugd dy't gjin tiid mear hat om te lêzen, omdat hja oanienwei nei it skermke fan de 'smarttillefoan' sitte te stoareagjen, de sutelaksje dy't nei gichem is (kinne wy dy net op 'e nij opstarte, skeeld sa 20% omset)
As ik dat allegearre sa yn my omgean lit, tink ik wolris: ik kin miskien better in folkstúntsje oantuge, faaks kin 'k my dêr nuttiger meitsje...
Mar, ienkear dwaande, binne sokke tinzen ek al gau wer út it 'systeem'. Want sis no sels, der is dochs gjin moaier wurk as skriuwen, jo ynlibje yn in personaazje, jo fantasij rom baan jaan...
Nee, dan moatte de reade biten en de sipels noch mar eefkes wachtsje...