27 july: Nei 15 jier trouwe tsjinst sûnder ien misse slach hâldt ús waskmasine dêrmei op. Wy kinne dêr begryp foar opbringe, 15 jier is op't lêst net neat.
Waskmasinebedriuw opbelle: 'Nee, reperaasjes dogge wy net mear, mar wy kinne jo wol in nûmer jaan fan in bedriuw dy't dat wol docht.' No,fuort dan mar.
Folgjende bedriuw: 'Ja, dat kin wol, mar wy reparearje allinnich op tiisdei, dat wurdt dan tiisdei 2 augustus.' Hast in wike sûnder, lokkich dat de dochter wat wask oernimt en ek de buorlju binne reewillich om in waskje foar ús te draaien.
Tiisdei 2 augustus: Monteur besjocht de saak: 'ik sjoch it al, nije koalboarstels, mar dy ha 'k net by my, moatte besteld wurde.''Oh, en wannear komme se der dan yn..?'
'No wy reparearje allinnich op tiisdei, dus dat wurdt dan 9 augustus, mar dan komt de baas sels, want dan bin ik mei fakânsje.' Eefkes slokke, super, wer in wike sûnder.
9 augustus: Al wa't komt gjin monteur. Belje: 'Ja, ik kom krekt werom fan fakânsje, dy dingen binne leau'k al besteld, mar ik wit net at se wol oankaam binne. Ik belje werom.' De hiele dei: gjin monteur en der wurdt ek net werom belle. Ferskate kearen sels belje, tillefoan wurdt net opnommen. Bloed feroaret stadich yn sûpe, ik spring yn 'e auto en dêrhinne, 8 km. fierderop. Frommeske efter de toanbank:'Hy is der net, mar ik sil him belje.'Eefkes letter: 'De bestelling is wol binnenkommen en de baas komt fan'e middei noch.' Héhé. It kin wol snel, want as ik thúskom is de baas al west en soe no it probleem oplost wêze, ware het niet dat de ferkearde koalboarstels besteld binne, passe dus net.Wer slokke en besykje wat wurden binnendoar te hâlden dy't net geskikt binne foar publikaasje. Mar de man is úterst kûlant, want hy seit ta dat er fuortdaliks nije koalboarstels bestelle sil en dy der by wize fan útsûndering op tongersdei 11 augustus yn sette.
11 augustus: Al wa't komt, gjin monteur en der wurdt ek net belle hoe en wat. Om't wy ek beide de doar útmoatte dan mar in briefke op 'e foardoar en de kaai by buorfrou efterlitte. By it werom kommen is der neat feroare. Om 4 oere dan sels mar wer belje. Steam komt út de noastergatten. Ferrassing: de tillefoan wurdt opnommen. 'Ja, ik haw no de goede koalboarstels, ik kom tsjin seizen en dan set ik se dêr even yn.' As wy oan it waarme miel sitte en it Fryske sjoernaal al hast foarby is komme lang om let de nije ûnderdieltsjes yn ús masine. Om kertier foar sânen draait er de earste lading sokken. 15 dagen hat er stilstien, hooplik kin er no wer 15 jier foarút.
Neiskrift: In dei as wat letter leit der al rekken op 'e matte. Dat kin dus wol snel! Skrik net: 108 euro's foar it ynsetten fan ien ûnderdieltsje. Wy hienen dêr hast in twaddehâns waskmasine foar keapje kinnen. Ik leau dat ik mar 15 dagen wachtsje mei beteljen...