dinsdag 10 mei 2016

DE FOET BY DE KÛLE

Fryslân 1946. Bareld is in jongkeardel dy't mar ien ding foar eagen hat: hy moat en sil keunstner wurde. Dat ta grutte argewaasje fan syn heit dy't wol dat er, krekt as elkenien, gewoan wurk siket.

Richtsje is de op ien nei âldste dochter fan Lysbet Brolsma, in widdo dy't har man op nuveraardige wize yn it lêst fan de oarloch ferlern hat. Richtsje hat ek in dream: skoaljuffer wurde.

Wanear't Bareld en Richtsje elkoar foar it earst moetsje is it leafde op it earste gesicht. Der komme lykwols safolle swierichheden op harren ta, dat it noch mar de fraach is oft dreamen werklikheid wurde kinne.

maandag 9 mei 2016

DE FOET BY DE KÛLE

Myn sânde roman sjocht it ljocht op 9 maaie 2016

Hjoed kaam 'De foet by de kûle' út by de KFFB. In delegaasje fan de útjouwster, de dames Mynke & Corry kamen del om it earste eksemplaar oan te bieden. Fansels wie myn meilêster Jikke ek oanwêzich. Wy hawwe it fierd mei oranjekoeke en kofje en jûn drinke wy der fansels ien op.