Fryslân 1946. Bareld is in jongkeardel dy't mar ien ding foar eagen hat: hy moat en sil keunstner wurde. Dat ta grutte argewaasje fan syn heit dy't wol dat er, krekt as elkenien, gewoan wurk siket.
Richtsje is de op ien nei âldste dochter fan Lysbet Brolsma, in widdo dy't har man op nuveraardige wize yn it lêst fan de oarloch ferlern hat. Richtsje hat ek in dream: skoaljuffer wurde.
Wanear't Bareld en Richtsje elkoar foar it earst moetsje is it leafde op it earste gesicht. Der komme lykwols safolle swierichheden op harren ta, dat it noch mar de fraach is oft dreamen werklikheid wurde kinne.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten