Rommert Tjeerdsma ( Hallum 1943) hat al betiid in soad nocht oan alles wat mei boeken en lêzen te krijen hat. It feit dat jo troch it lêzen fan letters bylden oproppe en dêrtroch yn in oare wurklikheid en in oare wrâld ferkeare kinne, hat him altyd, oant de dei fan hjoed, fassinearre. Troud mei de dichteres Jelly Keekstra lei er him earst nei syn wurksum libben as postamtner foar in grut part op it skriuwen ta.
Yn 1990 ferskynden de earste ferhalen en gedichten yn de Fleanende Krie, it blêd fan de Fryske boekenklub KFFB. Yn 2003 skreau er in skoftke koarte ferhalen foar it Friesch Dagblad. Letter folge de fêste rubryk Kafee Rom Sicht dy’t oant de dei fan hjoed te lêzen is yn it blêd fan de Jong Fryske Mienskip: Lyts Frisia.
Yn 2006 ferskynt by de KFFB syn debútroman Brekpunt, in jier út it libben fan in jonge frou yn 1947. Jikke Wynia, hikke en tein yn ’e Dokkumer wâlden, strykt mei man en bern del yn in suterich wentsje oan ’e feart op ’e klaai. Hja dreamt fan in moaier hûs, in better libben en… in oaren man.
Yn 2009 komt Frij as de wyn út, mei as tema de grutte tsjinstellingen tusken earm en ryk yn it Fryslân fan 1847. Twa froulju mei in folslein ferskillende eftergrûn stribje beide op harren eigen wize nei wat mear frijheid. Se besykje de libbenswei dy’t foar harren útstippele is te ferlitten en út eigen fearren te fleanen.
2010 is it jier fan útjefte fan de tredde roman: Reboelje yn Kollumerlân. It ferhaal spilet yn it lêste part fan de 18 tjinde ieu. Eabele Keuning, in earme skuonmakker út de Fryske wâlden slút him oan by de Patriotten en wurdt dêrtroch in man fan kwizekwânsje yn de Bataafske Republyk. Syn grutte tsjinstanner is Jan Binnes, de oanfierder fan de Oranje partij. Yn ’e opstân dy’t bekend wurden is as it Kollumer Oproer komt it ta in dramatyske konfrontaasje tusken beide manlju.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten