dinsdag 10 mei 2016

DE FOET BY DE KÛLE

Fryslân 1946. Bareld is in jongkeardel dy't mar ien ding foar eagen hat: hy moat en sil keunstner wurde. Dat ta grutte argewaasje fan syn heit dy't wol dat er, krekt as elkenien, gewoan wurk siket.

Richtsje is de op ien nei âldste dochter fan Lysbet Brolsma, in widdo dy't har man op nuveraardige wize yn it lêst fan de oarloch ferlern hat. Richtsje hat ek in dream: skoaljuffer wurde.

Wanear't Bareld en Richtsje elkoar foar it earst moetsje is it leafde op it earste gesicht. Der komme lykwols safolle swierichheden op harren ta, dat it noch mar de fraach is oft dreamen werklikheid wurde kinne.

maandag 9 mei 2016

DE FOET BY DE KÛLE

Myn sânde roman sjocht it ljocht op 9 maaie 2016

Hjoed kaam 'De foet by de kûle' út by de KFFB. In delegaasje fan de útjouwster, de dames Mynke & Corry kamen del om it earste eksemplaar oan te bieden. Fansels wie myn meilêster Jikke ek oanwêzich. Wy hawwe it fierd mei oranjekoeke en kofje en jûn drinke wy der fansels ien op.

donderdag 21 januari 2016

Ljouwert 16 jannewaris 2016. Op de jiergearkomste fan de KFFB wurdt bekend makke dat myn 7e roman 'De foet by de kûle' yn maaie 2016 útjûn wurde sil. Dat is fansels wol in blomke wurdich.
Mei 2 bestjoersleden fan de útjouwster en kollegaskriuwster Nelly Jongsma-de Jong.


woensdag 9 september 2015

DOUTZEN UNDER FJOER

Hjoed, 08-09-2015 kaam myn 6e roman út. 'Doutzen ûnder fjoer.'
Dit ferhaal is in ferfolch op:

'Om Doutzen,' mar kin ek apart lêzen wurde.
Utjouwster Mynke de Groot rikte tagelyk mei Corrie Rozendal it earste
eksemplaar út oan de skriuwer. Ek oarehelte Jelly & dochter AljaTine wienen
by dit feestlik barren oanwêzich.  Meilêster Jikke Olivier wie ek fan de partij.

dinsdag 19 mei 2015

Op 'e nij troch it manuskript fan 'Doutzen ûnder fjoer'. Korrektor Seppy hie de tekst oanpast oan de nije stavering sa't dy troch it provinsjebestoer op 1 jannewaris ynfierd is. Dat levere hiel wat ekstra wurk op en hie om my ek net hoecht. Mar it moast der ek net om oergean, dat der mar even plat foar. It manuskript leit no by de 2e korrektor, nei alle gedachten moat ik der skielk nochris troch. Dêrnei kin it nei de 'opmaak' en kin ik wylst neitinke oer de omslach. It is de bedoeling dat de roman yn septimber 2015 út komt. Sin oan!

Wylst steane de earste 8000 wurden fan de folgjende roman, dêr't ik noch net in goede titel fan betocht haw, al wer yn it bestân. Wy piele mar stil wat troch.

vrijdag 27 maart 2015

Nije roman 'DOUTZEN UNDER FJOER' komt yn septimber 2015 út!

Hjoed 27 maart belle myn útjouwster dat myn 6e roman 'Doutzen ûnder fjoer' goedkard is en  nei alle gedachten yn septimber 2015 út komt. It is in ferfolch  op 'Om Doutzen' mar kin fansels ek apart lêzen wurde.   

zaterdag 1 februari 2014

25 febrewaris 2014, de dei dat myn fiifde roman 'FERLIEZERS' útkomt!

Middeis om 14.00 oere komme twa bestjoersleden fan útjouwer KFFB, Pytsje de Graaf en Corry Rozendal, by ús thús om it earste eks. fan it nije boek oan te bieden. It is in bytsje feest en dat betsjut lokwinsken, kofje mei gebak en foto's meitsje. It boek is kreas ynbûn en sjocht der, sa as altyd by dizze útjouwer, tige fersoarge út. Ik bin der wiis mei!






Boppesteande foto's jouwe ek in ympresje fan de jiergearkomste fan de KFFB, dêr't it útjefteplan foar 2014 bekend makke waard. Fanwege it 80 jierrich bestean waard der dit jier ek in ferhalewedstriid holden. Hjir foel ik mei myn ferhaal 'Moarmerje' ek yn de prizen.