donderdag 31 januari 2013

Tiisdei 29 jannewaris 2013
 
Hjoed is it in bytsje feest, want myn 4e roman komt út: 'Om Doutzen'

Koarte ynhâld:

Fryslân midden yn 'e tritiger jierren fan de foarige ieu. It is krisistiid, rûnom hearsket earmoede en de measte minsken hawwe it dreech om troch de tiid te kommen. Alle dagen steane lange rigen wurkleazen foar it stimpellokaal. In flues fan doffe berêsting hinget oer it lân, it liket wol as sil it nea wer oars wurde.

Doutzen, in jonge frou, wennet mei har âlden efterôf yn it lân, dêr't har heit mûnder en lytsboer is. Hja fielt har ûnwennich yn dy iensume oarde en langet nei it fertier en de drokte fan de stêd, dêr't se wolris by omke en muoike útfanhuzet.

Sibe is in jongkeardel dy't in âld Chevrolet keapet en in molkrit begjint. Syn freon Wytse kriget ferkearing mei de dochter fan in NSBer en rekket alhiel yn 'e besnijing fan dy beweging. Sûnder erch giet Sibe dêr stadichoan yn mei.
Dan moetet er Doutzen...

Geen opmerkingen:

Een reactie posten