5 septimber 2012
De datum dat de earste ôflevering fan it fúljeton yn it 'Nieuwsblad N.O. Friesland' (Dokkumer en Kollumer Krante) ferskine sil. Myn lêste roman 'Reboelje yn Kollumerlân' yn parten dus. Bin benijd hoefolle ôfleveringen nedich binne om it hiele ferhaal te fertellen.
maandag 13 augustus 2012
dinsdag 24 april 2012
Winkelmuzyk.
Nijsgjirrich artikel yn de bijlage fan de LC hjoed: 'meedeinen op het winkelritme.' Tuskenkop: 'Winkelmuzyk werkt op het onderbewuste van de klant.' No net op dizze klant. It wurket op myn bloeddruk, dy't ûngekende hichten berikt. As ik ergens in pesthekel oan haw, dan is it wol de lûdfersmoarging dy't jo as klant yn de foarm fan gejank en gejammer ûndergean moatte en dat sûnder dat jo dêr om frege hawwe. Yn dit lân skynt dizze terreur normaal te wêzen, yn it bûtenlân geane se hiel wat fatsoenliker mei de klanten om. Yn Dútslân koe ik alteast yn alle rêst in protsje klean keapje sûnder dat my de earen fan 'e kop blaast waarden troch healwiis gebalt yn ûnfersteanber Ingelsk. Jo kinne tsjintwurdich hast net mear yn in parkearkelder, winkel of oar publyk gebou komme of jo wurde lêstich fallen troch 538, skyradio of hoe't alle oare lawaaikranen ek hjitte meie. Sels fersoargingstehuzen binne der net mear frij fan. Dochs besykje ik dit sa folle as noch mooglik is te mijen en boadskipje as it heal kin by Lidl en Aldi, dêr't se noch rekken mei de klant hâlde en jo gjin lawaai opkrongen wurdt. WinkelmuzykDútske winkels, soe dat tafal wêze...

donderdag 12 april 2012
dinsdag 21 februari 2012
maandag 20 februari 2012
zondag 29 januari 2012
Abonneren op:
Posts (Atom)