Nei in tige lange ûnderbrekking geane wy wer fierder mei dit blog. Nei it útkommen fan myn lêste roman bin ik wat yn in gat fallen. De KFFB dy't myn measte boeken útjûn hat, hold der mei op, omdat der op 't lêst leden te min wienen, it koe net mear út... En dat wie ferhipte spitich, want ik haw as skriuwer altyd tige goed mei de KFFB gearwurke. Earst tocht ik by mysels: dan hâld ik der ek mar mei op en sil my tenei mar mei oare saken dwaande hâlde. Dat gie ynearsten goed, mar op 't lêst krige ik hieltyd mear it gefoel fan: ik mis wat... En doe foel op 't lêst it kwartsje: ik miste it skriuwen, de fantasij en it yn 'e hûd krûpen fan myn personaasjes... Ik begreep dat skriuwen écht 'myn ding' is en dat ik gewoan fierder gean moast, útjûn of net útjûn, ik moast troch... En al is it tal útjouwers yn Fryslân hjoed de dei tige lyts wurden, miskien komme der dochs noch nije kânsen... Ik haw noch in manuskript lizzen, dat sil ik earst bewurkje en dan gean ik gewoan fierder mei wat nijs. Sin oan!
Rommert Tjeerdsma
zaterdag 29 november 2025
maandag 26 juni 2023
zondag 18 juni 2023
'DE KNIPER OP 'e SKINE' is de nijste histoaryske roman dy't op 16 juny 2023 útkommen is. By de presintaasje troch Martsje de Jong wie ek kollegaskriuwer Anders Rozendal oanwêzich. It is in ferhaal dat yn de earste helte fan de 19e ieu spilet. De jonge Wytze Waringa wurdt skoalmaster yn 'e wâlden en besiket tagelyk as skriuwer namme te meitsjen. It libben laket him ta as er ek noch de leafde fynt. As hommels tsjustere wolken boppe syn bestean ferskine en it liket oft de hiele wrâld him tsjin him keart, nimt er in ûnomkearber beslút...
maandag 6 maart 2023
zaterdag 21 mei 2022
Abonneren op:
Reacties (Atom)




