dinsdag 29 juni 2021


 26 juny 2021 komt de nije roman 'UNDERWEIS' út. It is it ferhaal fan Wimer Wiersma, in jonge frachtwein sjauffeur, dy't foar syn baas it hiele lân troch rydt. Hy wol it leafst foar himsels begjinne, mar syn frou Thea sjocht dat beslist net sitten. Se is wiis mei de wissichheid fan it  fêste ynkommen dat Wimer by Folkertsma Transport fertsjinnet. Dêr wol se graach fan sparje, om sa mei de tiid ferhúzje te kinnen nei in wenning mei wat mear komfort, yn it doarp. Dan docht him in ûnferwachte kâns foar en Wimer jaget syn dream nei. Dat bliuwt net sûnder gefolgen...

zaterdag 2 mei 2020

Nij manuskript

Earste ferzje klear, even rypje litte en dan oan it wer skriuwen en redigearjen.

zondag 7 april 2019

Fraachpetear mei Sietse de Vries oer 'Doutzen yn swier waar' op 2 april  2019. Foto is fan Jan Spoelstra. Ferskynd yn de Ljouwerter Krante fan freed 6 april.

vrijdag 22 februari 2019

Doutzen yn swier waar, it tredde diel fan de DOUTZEN triology is útkommen. Dit wie myn 8ste roman en y.f.m. de kommende ferhuzing dogge wy it de kommende tiid kalm oan.



dinsdag 26 december 2017

'Doutzen yn swier waar' komt letter út...

Berjocht fan de útjouwer: fanwege it feit dat in oare skriuwer, dy't syn manuskript earder ynlevere en  dy't in roman skreaun hat oer it selde tema, wurd 'Doutzen yn swier waar'  letter (2019) útbrocht. Der wurde alle jierren trije boeken útjûn en twa mei it selde tema wie wat te folle fan it goede. 

vrijdag 8 september 2017

Nije roman

 In Nij Aventoer
It begjin fan 'e nije roman ( ik hâld de titel noch even ûnder de pet) is der. Seis haadstikken, yn earste ferzje, binne klear en oan it sânde wurdt op dit stuit wurke. It ferhaal, dat yn 'e santiger jierren fan de foarige ieu spilet, rint al lekker. En ik hoopje dat soks sa bliuwt.