dinsdag 19 mei 2015

Op 'e nij troch it manuskript fan 'Doutzen ûnder fjoer'. Korrektor Seppy hie de tekst oanpast oan de nije stavering sa't dy troch it provinsjebestoer op 1 jannewaris ynfierd is. Dat levere hiel wat ekstra wurk op en hie om my ek net hoecht. Mar it moast der ek net om oergean, dat der mar even plat foar. It manuskript leit no by de 2e korrektor, nei alle gedachten moat ik der skielk nochris troch. Dêrnei kin it nei de 'opmaak' en kin ik wylst neitinke oer de omslach. It is de bedoeling dat de roman yn septimber 2015 út komt. Sin oan!

Wylst steane de earste 8000 wurden fan de folgjende roman, dêr't ik noch net in goede titel fan betocht haw, al wer yn it bestân. Wy piele mar stil wat troch.