dinsdag 26 december 2017

'Doutzen yn swier waar' komt letter út...

Berjocht fan de útjouwer: fanwege it feit dat in oare skriuwer, dy't syn manuskript earder ynlevere en  dy't in roman skreaun hat oer it selde tema, wurd 'Doutzen yn swier waar'  letter (2019) útbrocht. Der wurde alle jierren trije boeken útjûn en twa mei it selde tema wie wat te folle fan it goede. 

vrijdag 8 september 2017

Nije roman

 In Nij Aventoer
It begjin fan 'e nije roman ( ik hâld de titel noch even ûnder de pet) is der. Seis haadstikken, yn earste ferzje, binne klear en oan it sânde wurdt op dit stuit wurke. It ferhaal, dat yn 'e santiger jierren fan de foarige ieu spilet, rint al lekker. En ik hoopje dat soks sa bliuwt.  

maandag 31 juli 2017

Doutzen yn swier waar

De útjouwster hat it nije manuskript goedkard en de roman sil yn 2018 útjûn wurde. Dat wurdt dan de achste. Geweldich!

zaterdag 8 april 2017

Tuskentroch tiid foar de hobby.
Wintertafrieltsje
4 april 2017

Hjoed haw ik it manuskript fan myn nije roman nei de útjouwer stjoerd. As it goedkard wurdt sil it myn 8ste boek wurde. Ik haw der in jier oan wurke en mei tank oan myn kundige meilêzeres is it nei myn betinken in goed ferhaal wurden.