zaterdag 11 september 2021

 De earste fan de hjerstmoanne it nije manusript ynlevere. Wy wachtsje mar wer ôf...

dinsdag 29 juni 2021


 26 juny 2021 komt de nije roman 'UNDERWEIS' út. It is it ferhaal fan Wimer Wiersma, in jonge frachtwein sjauffeur, dy't foar syn baas it hiele lân troch rydt. Hy wol it leafst foar himsels begjinne, mar syn frou Thea sjocht dat beslist net sitten. Se is wiis mei de wissichheid fan it  fêste ynkommen dat Wimer by Folkertsma Transport fertsjinnet. Dêr wol se graach fan sparje, om sa mei de tiid ferhúzje te kinnen nei in wenning mei wat mear komfort, yn it doarp. Dan docht him in ûnferwachte kâns foar en Wimer jaget syn dream nei. Dat bliuwt net sûnder gefolgen...