woensdag 9 september 2015

DOUTZEN UNDER FJOER

Hjoed, 08-09-2015 kaam myn 6e roman út. 'Doutzen ûnder fjoer.'
Dit ferhaal is in ferfolch op:

'Om Doutzen,' mar kin ek apart lêzen wurde.
Utjouwster Mynke de Groot rikte tagelyk mei Corrie Rozendal it earste
eksemplaar út oan de skriuwer. Ek oarehelte Jelly & dochter AljaTine wienen
by dit feestlik barren oanwêzich.  Meilêster Jikke Olivier wie ek fan de partij.

dinsdag 19 mei 2015

Op 'e nij troch it manuskript fan 'Doutzen ûnder fjoer'. Korrektor Seppy hie de tekst oanpast oan de nije stavering sa't dy troch it provinsjebestoer op 1 jannewaris ynfierd is. Dat levere hiel wat ekstra wurk op en hie om my ek net hoecht. Mar it moast der ek net om oergean, dat der mar even plat foar. It manuskript leit no by de 2e korrektor, nei alle gedachten moat ik der skielk nochris troch. Dêrnei kin it nei de 'opmaak' en kin ik wylst neitinke oer de omslach. It is de bedoeling dat de roman yn septimber 2015 út komt. Sin oan!

Wylst steane de earste 8000 wurden fan de folgjende roman, dêr't ik noch net in goede titel fan betocht haw, al wer yn it bestân. Wy piele mar stil wat troch.

vrijdag 27 maart 2015

Nije roman 'DOUTZEN UNDER FJOER' komt yn septimber 2015 út!

Hjoed 27 maart belle myn útjouwster dat myn 6e roman 'Doutzen ûnder fjoer' goedkard is en  nei alle gedachten yn septimber 2015 út komt. It is in ferfolch  op 'Om Doutzen' mar kin fansels ek apart lêzen wurde.   

zaterdag 1 februari 2014

25 febrewaris 2014, de dei dat myn fiifde roman 'FERLIEZERS' útkomt!

Middeis om 14.00 oere komme twa bestjoersleden fan útjouwer KFFB, Pytsje de Graaf en Corry Rozendal, by ús thús om it earste eks. fan it nije boek oan te bieden. It is in bytsje feest en dat betsjut lokwinsken, kofje mei gebak en foto's meitsje. It boek is kreas ynbûn en sjocht der, sa as altyd by dizze útjouwer, tige fersoarge út. Ik bin der wiis mei!






Boppesteande foto's jouwe ek in ympresje fan de jiergearkomste fan de KFFB, dêr't it útjefteplan foar 2014 bekend makke waard. Fanwege it 80 jierrich bestean waard der dit jier ek in ferhalewedstriid holden. Hjir foel ik mei myn ferhaal 'Moarmerje' ek yn de prizen.

vrijdag 15 februari 2013


29 jannewaris 2013. Minsken fan de útjouwerij komme by ús thús om it earste eksemplaar fan 'Om Doutzen oan te bieden. Pakesizzer Hendrik sjocht dêr fan op!
'Om Doutzen' ynbûn, 212 siden, priis16.- euro. Te keap by de bettere boekhannel en by de skriuwer sels: www.tjeerdsma6@gmail.com 

donderdag 31 januari 2013

Tiisdei 29 jannewaris 2013
 
Hjoed is it in bytsje feest, want myn 4e roman komt út: 'Om Doutzen'

Koarte ynhâld:

Fryslân midden yn 'e tritiger jierren fan de foarige ieu. It is krisistiid, rûnom hearsket earmoede en de measte minsken hawwe it dreech om troch de tiid te kommen. Alle dagen steane lange rigen wurkleazen foar it stimpellokaal. In flues fan doffe berêsting hinget oer it lân, it liket wol as sil it nea wer oars wurde.

Doutzen, in jonge frou, wennet mei har âlden efterôf yn it lân, dêr't har heit mûnder en lytsboer is. Hja fielt har ûnwennich yn dy iensume oarde en langet nei it fertier en de drokte fan de stêd, dêr't se wolris by omke en muoike útfanhuzet.

Sibe is in jongkeardel dy't in âld Chevrolet keapet en in molkrit begjint. Syn freon Wytse kriget ferkearing mei de dochter fan in NSBer en rekket alhiel yn 'e besnijing fan dy beweging. Sûnder erch giet Sibe dêr stadichoan yn mei.
Dan moetet er Doutzen...

maandag 13 augustus 2012

                                                                 5 septimber  2012

De datum dat de earste ôflevering fan it fúljeton yn it 'Nieuwsblad N.O. Friesland' (Dokkumer en Kollumer Krante) ferskine sil. Myn lêste roman 'Reboelje yn Kollumerlân' yn parten dus. Bin benijd hoefolle ôfleveringen nedich binne om it hiele ferhaal te fertellen.